Ferdieldheid oer studinteflats

De earste wentoer waard iepene troch kfdK John Jorritsma en boargemaster Crone © Omrop Fryslân, René Koster
De riedskommisje fan Ljouwert hat moandeitejûn ûngelyk reagearre op it boargerinisjatyf fan in groep Ljouwerters dy't derfoar pleitet yn leechsteande kantoargebouwen wenromte foar studinten te meitsjen. Yn it Rengerspark wurde trije wentuorren boud foar studinten. De inisjatyfnimmers binne bang dat it park folboud wurdt.
Harren plan koe rekkenje op positive reaksjes, mar der wiene ek beswieren. Sa soene in soad kantoargebouwen in hege boekwearde hawwe, wêrtroch't se ûnoantreklik binne om te keapjen.
Foardat de folgjende stap set wurdt, wachtet de ried earst op de kantoaremonitor dy't oanjout om hokker leechstânsifers it krekt giet.