Mear gearwurking bertesoarch

© Omrop Fryslân
Soarchferlieners út Noard-Fryslân sette freed útein mei it gearwurkingsferbân Rondom Zwangerschap om de soarchûnderdielen foar bertesoarch better opinoar ôf te stimmen. Doel is feilige bertesoarch yn Noard-Fryslân te optimalisearjen en te garandearjen.
Njonken sikehûs MCL Ljouwert dogge ferskate kreamsoarchorganisaasjes en ferloskundigepraktiken út de regio ek mei oan it gearwurkingsferbân.