Bou akwadukt Burgum fan start

16 jun 2014 - 19:34
  • Website decentraleas.nl

Deputearre Sietske Poepjes en wethâlder Houkje Rypstra jouwe tongersdei it startskot foar de wurksumheden fan it grutste kontrakt fan De Sintrale As. It saneamde kontrakt 'Midden 2' begjint mei de bou fan it akwadukt by Burgum. De gebietsûntwikkeling Wetter- en Willepark en de nije brêge by Burgum meitsje ek diel út fan it kontrakt. Dat stiet yn it ramt fan de opwurdearring fan de farwei tusken De Lemmer en Delfsyl.

De oannimmerskombinaasje wurket dêrby gear mei de provinsje Fryslân, Rykswettersteat en de gemeente Tytsjerksteradiel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)