Tsjûgen fan oanriding socht
De plysje is op syk nei tsjûgen fan in oanriding op de Keningswei yn Feankleaster fan moandeitemiddei. In frachtwein ried om in op de dyk parkearde bestelauto hinne en rekke dêrby in tsjinlizzer. Dy persoane-auto rûn by de botsing skea op. De sjauffeur fan de frachtwein ried lykwols troch. Der rekke gjinien ferwûne.
Minsken dy't wat sjoen hawwe, kinne har melde by de plysje.