WK fuotbal goed foar Brazilië

16 jun 2014 - 16:53
  • WK Fuotbaljen

It WK fuotbal is in goede promoasje om Brazilië op de kaart te setten. Dat seit Fries om utens Fokko Tolsma. Hy wennet al jierren yn Brazilië mar is op dit stuit yn Fryslân foar in boerekongres yn Zwolle. Tolsma wurket by de CRV en hâldt him dwaande mei de spermahannel fan bollen. Hy makke de drokte om it WK fuotbal hinne fan tichtby mei.

Neffens him is der in lytse groep minsken dy't tsjin it WK is, mar it grutste part fan de befolking sjocht it toernoai as middel om Brazilië te promoaten.

Op it kongres yn Zwolle komme boeren út ferskate lannen, ûnder oare út Sily. Dat lân sit yn de groep by Oranje. Tolsma ferwachtet lykwols gjin skeve gesichten op de beurs as Oranje fan Sily wint. Hy hopet op tiid werom te wêzen yn Brazilië foar de WK-finale, mei - hooplik - Nederlân as finalist.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)