Wentoer foar studinten iepene

16 jun 2014 - 16:19

De earste nije studintewentoer fan de Kenniskampus Ljouwert is moandeitemiddei iepene troch kommissaris fan de Kening John Jorritsma en boargemaster Ferd Crone. De wentoer biedt plak oan sa'n 100 studinten en is de earste fan de trije tuorren dy't oan de Rengersleane boud wurde.

Yn de studintewenten sitte enerzjysunige ynstallaasjes, dy't de gebouwen ekstra duorsum meitsje. Studentenhuisvesting Leeuwarden is de inisjatyfnimmer en ynvestearder fan it plan. De keamers sille aanst ferhierd wurde troch Keamerbemiddeling Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)