Serious Request yn prizestriid

16 jun 2014 - 15:24
  • De trije DJ's op it poadium fan it Aldehoustertsjerkhôf

De jierlikse benefyt-aksje Serious Request fan radiostjoerder 3FM is nominearre foar de Gouden Roos. Dat is in ynternasjonale amusemintspriis. Serious Request is nominearre yn de kategory Radio Entertainment.

Serious Request wie ferline jier desimber yn Ljouwert. It Glêzen Hûs stie doe op it Saailân. De dj's Giel Beelen, Coen Swijnenberg en Paul Rabbering hellen goed 12,3 miljoen euro op foar de striid fan it Reade Krús tsjin diarree by bern.

De Gouden Roos-prizen wurde op 17 septimber útrikt yn Berlyn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)