Blog: Utstjoerskema

16 jun 2014 - 14:18

    We binne drok dwaande mei de montaazjes. Moai wurk, al dy ferhalen dy't we yn twa wike tiid yn Frankryk op dien hawwe komme allegear wer foarby. Takom snein, 22 juny, sette we útein mei de útstjoerings yn it radioprogramma Buro de Vries. De rige "Friezen yn Frankryk" sil alle sneinen te hearren wêze tusken 12:00 en 13:00 oere. En jûns de werhelling, tusken 22:00 en 23:00 oere. By dizze it útstjoerskema.

    snein 22 juny: Parys. Ralph Bonnema. Pietsie Feenstra
    snein 29 juny: Parys. Siebrig van der Veen
    snein 6 july: y.f.m. live programma út Harns gjin ôflevering fan Frankryk
    snein 13 july: Normandië, Brix. Karin Twijnstra en Frans Thijjsen
    snein 20 july: Bretagne. Kees en Sytske Zuurbier
    snein 27 july: Bretagne. Famylje Zuurbier
    snein 3 augustus: Masquires. Johan en Ellen van Slooten
    snein 10 augustus: Lavit de Lomagne. Famylje de Boer
    snein 17 augustus: Le Pin Murrelet. Famylje van der Veen
    snein 24 augustus: Narbonne. Jan de Boer
    snein 31 augustus: Villanière. Frits Hoekstra
    snein 7 septimber: Labastide St George. Simon de Boer
    snein 14 septimber: by Chaumont. Stien Bruinsma

    Yn Parys ha we ek in filmke opnommen. Siebrig van der Veen is ien fan de dûnseressen yn it Lido. Dit filmke is moandeitejûn 16 juny yn it programma Bynt te sjen, om 18:30 oere.

    We winskje elkenien in hiele moaie simmer ta!
    Groeten,
    Sippy en Aukje

    Trefwurden: 
    Diel dit berjocht op:
    (advertinsje)
    (advertinsje)