Lieuwe Westra fytst gjin NK

16 jun 2014 - 12:50

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje ferdigenet op 25 juny syn nasjonale titel by it tiidriden net. Ek it Nederlânsk kampioenskip op 'e dyk de sneins dêrop lit Westra oan him foarbygean. Alles moat wike foar it goede doel: de Tour de France dy't op 5 july begjint yn Ingelân.

Lieuwe Westra is op dit stuit ûnderweis nei in hichtestaazje fan syn Astana-ploech yn Italië. De profhurdfytser sjocht mei in soad nocht werom op it Criterium du Dauphiné, dêr't er ôfrûne sneon de keninginne-etappe fan wûn. Yn it klassemint waard er 29e.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)