Oerol 2014 rint as in trein

It Oerolfestival op Skylge docht it oant no ta like goed as ferline jier. Dat docht bliken út de besikersoantallen fan de foarstellings en it tal minsken dat rederij Doeksen oerset hat nei it eilân. Dat wiene der alle dagen tusken de 10.000 en 15.000. De organisaasje sjocht dan ek tefreden werom op de earste pear dagen. Alle foarstellings wurde goed besocht. Sneontejûn wie alles sels útferkocht. It nije festivalterrein by West, de Betonning, docht it goed. De organisaasje wie benaud dat minsken dat net goed fine koene, mar ek dêr is it drok.
Oare jierren stie it festivalterrein op it Griene strân. Tsjin it sin fan in groep Oerolgongers it it ferhuze. Earder dit jier is der al in petysje oanbean oan festivaldirekteur Joop Mulder en snein wie der noch in lytse demonstraasje mei in spandoek.
Der ha oant no ta gjin ynsidinten west. Neffens boargemaster Rob Bats ferrint alles oant no ta rêstich.