Fryske soarch komt yn aksje

16 jun 2014 - 12:23

Fryske soarchynstellings briede op in plan om foar te kommen dat de âldereinsoarch ein dit jier minsken dien jout, dy't oer in pear jier wer hurd nedich binne. Direkteur Roeli Mossel fan soarchynstellings Palet en De Friese Wouden ûndersiket op dit stuit of it mooglik is om jild dat oars nedich is foar saken as in sosjaal plan en útkearings yn te setten foar ynnovaasje fan de soarch én behâld fan wurkgelegenheid.

Op 4 july is der in wurkkonferinsje oer dit tema mei soarchynstellings, provinsje, gemeenten en útkearingsynstânsje UWV.

Mei in ûnortodokse oanpak wol frou Mossel de âldereinsoarch fernije én tagelyk ek meiwurkers perspektyf biede. Troch de fernijing fan de soarch alternatyf te finansieren foar in perioade fan trije jier kin foarkommen wurde dat in soad minsken wurkleas reitsje en dat oan de oare kant de soarchynstânsjes it wurk net oankinne. It ôfrûne wykein warskôgen fakbûnen en wurkjouwers yn de soarch foar de earnstige gefolgen fan de besunigings op de âldereinsoarch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)