Grutte partij himp yn Snits

De plysje hat sneintejûn let twa Snitsers fan 29 en 60 jier oanholden om't se in grutte partij himp hiene. Op de Monnikmolen yn Snits seagen plysjes dat de beide manlju grutte pûden út in auto nei in hús brochten. De plysjes wisten dat dy pûden brûkt wurde om himp yn te ferfieren sûnder dat dat te rûken is.
De Snitsers waarden oppakt en de pûden mei himp binne yn beslach naam. Nei ûndersyk yn de wenning waard dúdlik dat op souder himptoppen knipt wiene. De fertochten sitte fêst. De auto's fan beide manlju binne ek yn beslach naam.
Fierder binne de administraasje en de kompjûters yn beslach nommen.