Brânstofdieven pakt op de A7

© ANP XTRA
Trije manlju út Ljouwert fan 27, 33 en 34 jier binne yn de nacht fan snein op moandei oanholden om't se brânstof stellen hiene. Plysjes setten op de A7 by Nuis yn Grinslân de auto fan de manlju oan de kant en rûkten doe in sterke brânstoflucht. Yn in oanhinger achter de auto stiene in pear grutte tanks mei brânstof deryn. Der leine ek slangen by.
De Ljouwerters binne oppakt foar de stellerij fan disel en mooglik ek benzine. Se sitte fêst foar fierder ûndersyk.