Twa koperdieven op selde plak

16 jun 2014 - 09:58

In befeiliger hat sneintejûn yn koarte tiid twa manlju betrape dy't besochten koper te stellen út in slooppân oan Achter de Hoven yn Ljouwert. Earst seach de befeiliger in 44-jierrige Ljouwerter dy't in jiskepûde by him hie mei dêryn koper en in kniptange. Op it plysjeburo krige de fertochte proses-ferbaal.

Noch gjin fiif minuten letter betrape de befeilingsmeiwurker in twadde koperdief. Ditkear gie it om in 49-jierrige Ljouwerter. Hy wie ek yn it besit fan ark en in tas. Hy krige ek proses-ferbaal op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Ljouwert stellerij koper
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)