Portier op Flylân mishannele

Geweld © Omrop Fryslân
De plysje hat sneintemiddei op Flylân in man fan 44 jier út Meppel oanholden foar mishanneling. De fertochte wie sneontenacht mei in groep freonen yn in kroech yn de Doarpsstrjitte. Neffens it personiel wie de man ferfelend en de portier frege him fuort te gean. Der ûntstie spul en de Meppeler sloech de portier. Uteinlik naaiden de man en syn freonen út.
De plysje hat him letter oppakt en nei it buro brocht. Hy hat proses-ferbaal krigen.