3500 motors lâns alve stêden

20 maaie 2013 - 12:52
  • DIelnimmers oan de alvestêdetocht foar motors yn Ljouwert

Net allinnich fytsers, mar ek 3500 motorriders, 100 soleksen, 40 trikes en 65 auto's ride moandei de alvestêdetocht. Dat giet fan Ljouwert oer Drylts nei it suden en dan wer op nei it noarden. Sa sitte se de fytsers net yn it paad.

De klam by de dielnimmers oan de motorisearre alvestêdetocht leit op it genietsjen mei in trochsneed snelheid fan tusken de 35 en 40 km. Takom jier bestiet de motoralvestêdetocht hûndert jier en sil útpakt wurde mei in grut feest. It is it doel om dan by de measte stêden troch it sintrum te riden.

No is dat meastentiids net it gefal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)