35 resjersjeurs op ûntfiering

15 nov 2009 - 10:16
  • Komposysjetekening Olga

In team fan 35 resjersjeurs ûndersiket de ûntfiering fan in frou út Jislum. It ûndersyk rjochtet him earst op in twadde frou, dy't tagelyk mei de ynwenster fan Jislum fêsthâlden waard. Wêr't dat is is net bekend. De frou út Jislum melde har tongersdeitenacht by in hûs yn Breda, neidat se oan har ûntfierders ûntkaam wie.

De frou dy't noch socht wurdt praat Russysk, hyt Olga, is sa'n 25 jier âld, hat read ferve hier en komt nei eigen sizzen út Grins of Grinslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)