3,5 miljoen foar Boarnsterhim

22 feb 2011 - 14:55

Boarnsterhim krijt oer 2010 fan it ryk 3,5 miljoen om temjitte te kommen yn de tekoarten dy't de ôfrûne jierren ûntstien binne. Ien en oar hat te krijen mei de artikel 12 status dy't se takend krigen ha. Dy status is foar gemeenten dy't op eigen krêft it húshâldboekje net slutend krije kinne.

It is in earste bydrage, der wurdt noch mear jild ferwachte. Se hoopje foar oktober 2011 ek jild te krijen foar ûnfoarsjoene tekoarten. Yn 2015 moat alles wer ynoarder wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)