35 keallen dea by brân yn pleats by De Lemmer

16 apr 2015 - 09:35

By de grutte brân op de pleats oan de Plattedyk by De Lemmer binne tongersdeitemoarn sa'n 35 keallen omkaam. Dat meldt de brânwacht. De bisten stienen yn in molkstâl dy't ôfbaarnd is. De brânwacht koe wol foarkomme dat de brân oersloech nei in grutte stâl mei 500 kij.

De útslaande brân ûntstie om 7.45 oere tongersdeitemoarn. Undersyk troch in spesjalisearre bedriuw hat oantoand dat der by de brân gjin asbest frijkommen is. De brânwacht is noch dwaande mei bluswurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)