35 bedriuwen sjogge de keunst ôf by Smeding yn Sint-Anne

29 sep 2015 - 12:49
  • Bedriuwen op besite by Smeding
  • Hoe tille je kratsjes?

Sa'n 35 bedriuwen binne tiisdei op besite by Smeding Groenten en Fruit yn Sint-Anne. Se besykje dêr antwurd te krijen op de fraach hoe't je derfoar soargje kinne dat wurknimmers sa lang mooglik en fit oan it wurk bliuwe kinne. De AOW-leeftiid giet omheech en de beropsbefolking fergrizet.

De byienkomst is organisearre troch it Ministearje fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid, TNO en it Buro voor Fysieke Arbeid. By Smeding wurdt in soad fysyk wurk dien. Se binne al in skoft dwaande mei maatregels om de meiwurkers sûn te te hâlden.

Sa coache se minsken om harren hâlding te ferbetterjen by it wurk. Mar ek de libbensstyl fan meiwurkers. Dêrfoar wurde sportaktiviteiten stimulearre en organisearre. En yn de kantine is sûn iten te krijen. Fansels in soad griente en fruit. Smeding hat in foarbyldfunksje as it giet om duorsume ynsetberheid fan de wurknimmers

It ministearje stelt subsydzjes beskikber foar maatregels om om te gean mei in fergriizjende beropsbefolking. Smeding wol sjen oft se dêr ek gebrûk fan meitsje kinne en hoe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)