Award foar Doede de Jong

16 jun 2014 - 09:46
  • Doede de Jong oan it wurk

De biologyske himpkweker Doede de Jong fan Appelskea hat snein op de Cannabis Bevrijdingsdag yn Amsterdam de Koos Zwart Award krigen. Dizze priis wurdt alle jierren útrikt troch de lanlike feriening foar coffeeshops oan minsken dy't har ynsetten ha foar legalisearring fan kannabis.

Doede de Jong is feroardiele ta in wurkstraf fan 100 oeren en in selstraf fan twa moanne ûnder betingst. Dêrneist moat er in boete fan goed 230.000 euro betelje. It giet om jild dat er fertsjinne hat mei de ferkeap fan de himp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)