Blog: Geweldich wykein foar de helden

Alyce Norbruis hat mei har team goud wûn yn de C-klasse fan it kuorbaltoernoai. ,,We ha in fantastysk wykein hân, koe net better," sa seit Anna Boersma, de coach fan it team. Fansels wie gelegeheidscoach Lutz Jacobi der ek by om de oerwinning te fieren. Jeffrey van Uffelen ferlear mei syn team alle wedstriden. ,,Mar it wie geweldich. We ha in hiel soad wille hân. En alles wie goed regele."
Swimster Aaltje van der Iest hie fantefoaren al sein dat meidwaan wichtiger is as winnen. Siler Jacob van der Meulen hat sneon in goeie wedstriid syld en einige doe op in sechsde plak, op dit stuit is de einútslach noch net bekend. Atleet Hero Hoekstra hat de 200 en 400 meter yn moaie tiden ôflein. Hy foel krekt net yn de prizen, mar ek foar Hero is meidwaan wichtiger as winnen. Koartsein: ús helden ha in topwykein hân!