Kuorbalgoud Oerterp yn Snits

De kuorballers fan Oerterp hawwe goud wûn op de Special Olympics yn Snits. Yn de C-kategory spilen se snein in trijekamp tsjin Deventer en WION. Fan Deventer waard nipt wûn mei 1-0, tsjin WION út Rotterdam waard it knap 4-1. Sadwaande mocht it team fan coach Anne Boersma en gelegenheidscoach Lutz Jacobi him winner neame fan de C-pûl en fertjinnen Alyce Norbruis en har teamgenoaten in gouden medalje.
Trainsters en spilers wienen tige te sprekken oer de plezierige gong fan saken mei dizze Special Olympics yn Fryslân.