Keunst en kolleezje op Oerol

15 jun 2014 - 14:36

Yn 'e bosk by Hoarne op Skylge is op 't heden keunst te sjen fan Geartsje van der Zee fan Mantgum. Se sit yn it tredde jier fan de Hegeskoalle foar de keunsten yn Amsterdam. Fan de Oerolorganisaasje kriget sy mei trije oaren de kâns har keunsten sjen te litten.

Njonken keunst is der dit jier ek romte foar wittenskip. Dat docht Oerol yn gearwurking mei Ljouwert Kulturele Haadstêd en de Waadakademy. It is de bedoeling om wittenskip tagonkliker te meitsjen foar it grutte publyk. Op it Westerkeynterrein wurde kolleezjes jûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)