Frou dronken op bromscooter

15 jun 2014 - 13:28

In frou fan 22 jier út De Jouwer moast sneontenacht har brommerrydbewiis ynleverje yn Ljouwert. De frou waard op de Skrâns op har bromscooter steande hâlden troch de plysje. Se hie tefolle dronken, sa die bliken.

De Jouster frou is in begjinnend bestjoerder en dêrom hat de plysje har it rydbewiis ôfnaam. Se moat ek in kursus oer alkohol yn it ferkear folgje.

Trefwurden: 
dronken bromscooter
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)