Koperdieven yn Harns pakt

Koper © Omrop Fryslân
Yn Harns binne sneontenacht in frou en twa manlju pakt foar drugs en koperstellerij. De plysje seach op in stuit in auto mei in karre derachter op in frjemd parkearplak stean. Achter de seedyk seach de plysje twa manlju en in frou by de floedline stean. Dúdlik wie dat it trijetal har dêr ferskûlje woe. De auto wie fan harren, sa die bliken by neifraach.
By ûndersyk waarden yn de auto 35 xtc-pillen en in flesse ghb oantroffen. Der lei ek in koffer mei kopertried. De fertochten komme út Gorinchem, Apeldoorn en Utrecht.