Omboude 45-km-wein tsjin beam
Yn Damwâld binne trije minsken sneontejûn mei in omboude 45-kilometer auto tsjin in beam botst. Nei it ûngelok binne se útnaaid. It giet om in 25-jierrige ynwenner fan Twizel en twa ynwenners fan Damwâld.
Nei in sykaksje yn it doarp hat de plysje de trije oanhâlden. De bestjoerder hie te folle drank op.