Fernielende stapper oppakt

15 jun 2014 - 12:14

Yn Boalsert is yn de nacht fan sneon op snein in 28-jierrige man oanhâlden foar fernieling, Hy soe tegeare mei in oarenien in tagongspealtsje by in diskoteek fernield hawwe. Dy oare persoan koe útnaaie, mar de plysje wit wa't it is.

Tsjin de 28-jierrige oanhâlden fertochte út Súdwest-Frysân is proses-ferbaal opmakke op it plysjeburo. Dêrnei mocht er wer nei hûs ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)