Sven en Jorrit by NK fytsen

15 jun 2014 - 10:59
  • Sven Kramer

Sven Kramer en Jorrit Bergsma dogge mei oan it NK hurdfytsen. It kampioenskip is nije wike sneon en snein yn Oerterp.

It is foar it earst yn Fryslân dat it NK hurdfytsen foar amateurs elite en beloften yn Fryslân hâlden wurdt. In protte bekende nammen út de hurdfytswrâld dogge mei, wêrûnder ek in protte Friezen sa as Harry Sweering, Teake Piet van der Werf, Jan Bos, Coen Rijpma, Niek Hooghiemster, Ruben Hoekstra, Douwe de Vries, Andries Weening, Henk Bos, Durk Fabryk, Fokke Postma, Theo Postma en Arjan Stroetinga.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)