Blog: Legindaryske oerwinning Oranje

14 jun 2014 - 17:22

Ferwûndering. Fernuvering. Is dit echt? Oranje hat krekt mei 5-1 wûn fan Spanje. De regearend wrâldkampioen is fernedere troch de ferliezend finalist fan fjouwer jier ferlyn. It is hast net te leauwen. Dat gefoel sil by mear minsken libje. Hjir yn it IBC yn alle gefallen wol.

Ut alle lannen wei komme entûsjaste reaksjes. “Dit is wat we sjen wolle op it WK, topfuotbal fan it heechste nivo”, neffens de Ingelske BBC. Foar de wedstriid woene de Spaanske kollega’s noch op de foto (sjoch foto). Nei de wedstriid hawwe wy se net mear sjoen…

De Braziliaanske tillevyzje kaam ek del foar in ynterview (sjoch foto). Om’t ik sa sjauvinistysk wie om in Oranjeshirt oan te dwaan, mocht ik it wurd dwaan fan de kollega’s. Ik haw gjin idee wat se fan it stikje makke hawwe, want de ferslachjouwer koe amper Ingelsk.

Dat is dochs wol in lyts probleem hjir. De frijwilligers wolle fan alles dwaan, mar it is lestich om dúdlik te meitsjen wat je krekt wolle. Se prate allinnich Portugeesk en ik haw wol in basiskursus hân, mar hiel fier komst dêr ek net mei. Gelokkich 'prate hannen en fuotten alle talen', mar it kostet allegearre wol wat mear tiid.

En tiid, dat hawwe se hjir wol. Alles giet yn in tempo dêr’tst net wurch fan wurdst. Wêr’tst ek bist, hoe hastich ast ek bist, se dogge net in stap te hurd. En dat is wennen. Want wy Nederlanners wolle oer it algemien altyd rap en sjogge op it klokje as wy rap wolle. It is in kwestje fan oanpassen, en oan de oare kant: it is toch ek wol relaxt as't sjochst hoe’t se hjir libje. Dêr soene wy faaks wat mear fan hawwe moatte. Al kinne guon minsken hjir echt wol wat piper yn ‘e kont brûke!

Ta beslút noch even werom nei justerjûn, it gekkehûs nei Nederlân-Spanje. Doe’t de stofwolken wer wat oplutsen wiene, ûntstie der ynienen opnij kommoasje yn it IBC. Hiele hordes kameraminsken stiene te wachtsjen foar in doar fan de Argentynske tillevyzje. Ien fan harren saakkundigen is Radamel Falcao, stjerspiler fan Kolombia en AS Monaco. Hy is blessearre en docht dêrom no tillevyzjewurk. Nei in kertier kaam Falcao nei bûten, flitsten de fotografen en draaiden de kamera’s (sjoch foto). Hy hat der in pear tellen stien, in pear wurden sein en ferdwûn dêrnei rap. Ek dat is it WK!

Jan Vincent van Zuiden
Twitter: @JVvanZuiden

Gean werom nei de haadside fan it blog.

Trefwurden: 
argyf WK
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)