Westra wint rit Dauphiné

14 jun 2014 - 17:00

Lieuwe Westra hat de sânde rit, de keninginnerit, yn it Critérium du Dauphiné yn Frankryk wûn. De rit fan sneon gie oer in ôfstân fan 160 kilometer. De ynwenner fan De Tynje helle yn de lêste beklimming de Russen Trofimov en Silin yn. Sy waarden twadde en tredde. Alberto Contador waard op 1.33 achter Lieuwe Westra fjirde. Dat wie genôch om de giele trui fan Chris Froome oer te nimmen. De Spanjert hat no acht sekonden foarsprong op de Brit. Ritwinner Westra, freed noch twadde yn de etappe, stiet 16e op goed fjouwer minuten fan Contador.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)