EHBO'ers derby op Olympics

14 jun 2014 - 16:01

De organisaasje fan de Special Olympics hat sneon twa ekstra EHBO'ers ynset by it fuotbaltoernoai dat spile waard op It Hearrenfean. Oanlieding wie in klacht fan twa EHBO'ers dy't it smoardrok hiene. Ien fuotballer waard nei it sikehûs brocht en twa oare nei de Dokterswacht.

Neffens de twa EHBO'ers hawwe hendikepte sporters krekt wat mear omtinken nedich, as der wat misgiet. Oan harren fraach om ekstra minsken is neffens in wurdfierder gau gehoar jûn.

Oan de Special Olympics yn it Abe Lenstra stadion dogge dit wykein 2000 sporters mei in ferstanlike handicap mei.

Trefwurden: 
Special Olympics EHBO
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)