Peinder Mieden stap tichteby

De kâns op enerzjyneutrale wenten yn 'e Peinder Mieden is wer wat grutter wurden. Keapersferiening De Peinder Mieden hat no fyftjin leden. Sneon wurdt de yntinsjeferklearring ûndertekene. By 25 leden sil de gemeente de bestimming foar it gebiet fêstlizze.
Sechstich minsken hawwe belangstelling foar in hûs yn 'e Peinder Mieden. Neffens de keapersferiening binne der in pear saken dy't de minsken tsjinhâlde: de ferkeap fan it eigen hûs, mar ek de ferantwurding foar it ûnderhâld fan de natuer. Keapers moatte it gebiet sels mei-inoar beheare.