Special Olympics úteinset

14 jun 2014 - 14:54

De wedstriden fan de Special Olympics binne sneontemoarn om tsien oere hinne úteinset. Sawat twatûzen sporters mei in ferstanlike beheining dogge dêroan mei. De wedstriden wurde hâlden yn Snits, op It Hearrenfean en yn Skoatterwâld.

Der wurdt kuorballe, skeelere, tennisse en hynsteriden. Fierders is der ek badminton, tafeltennis, swimmen, fuotbal en bowling. Fierders dogge de dielnimmers oan atletyk, hânbal, hurdfytsen, judo, gymnastyk en silen. Sneon wurdt it nivo fan de dielnimmers fêststeld en snein binne de wedstriden.

De dielnimmers kinne ek lessen folgje. Der binne 'clinics' yn golf, muorrekeatsen, kanofarren en sloeproeien. De lessen wurde jûn en by it Starteilân yn de Snitsermar.

Trefwurden: 
Special Olympics
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)