'Fleanfjild Eelde net faai'

14 jun 2014 - 12:10

Fleanfjild Eelde sil foarearst gjin gefolgen ûnderfine fan de konkurrinsje fan fleanfjild Lelystêd. Dat seit Marco van de Kreeke, direkteur fan Groningen Eelde Airport. Eelde is foar Friezen in populêr fleanfjild foar fakânsjebestimmings.

Steatssekretaris Mansveld fan Miljeu en Ynfrastruktuer hat yn prinsipe Lelystêd oanwiisd as twadde lofthaven fan Nederlân. Dy moat de druk op Skiphol ferminderje. Ein dizze moanne sil de Twadde Keamer oer it plan gear.

Ferline jier lyn is de lâningsbaan op Groningen Eelde Airport noch mei 800 meter ferlingd, om mear fleanreizen oanbiede te kinnen. Dêr is in soad oerheidsjild yn stutsen. Eelde seit him benammen ûntwikkelje te wollen as fleanfjild foar saaklike flechten. Fan Eelde ôf kin sûnt koart seis kear yn de wike nei Londen flein wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)