Blog: Moaie iepening Special Olympics

Mei optredens fan Danny de Munk, Lange Frans, Syb van der Ploeg en Ellen ten Damme binne justerjûn de Special Olympics iepene yn it Abe Lenstra stadion. Om kertier foar achten hinne waard it Olympysk fjoer nei binnen brocht troch Torch Run Nederland en G-sporter Hero Hoekstra.
Nei alle optredens koene de twatûzen sporters op grutte skermen de wedstriid Spanje-Nederlân sjen. En dat wie fansels in goeie start foar dit wykein, mei de 5-1 winst foar Nederlân.