Betelje mei falsk jild

14 jun 2014 - 11:17

De plysje hat freedtejûn en -nacht trije manlju oanhâlden op fertinking fan it útjaan fan falsk jild. Yn Harns en Drachten ûntduts wach personiel dat de manlju besochten mei falsk jild ôf te rekkenjen.

Yn Harns gie it om in 20-jierrige Harnzer en in 21-jierrige ynwenner fan de gemeente Súdwest-Fryslân. De manlju pykten gau mei de auto út doe't se troch in meiwurker fan in restaurant trapearre waarden. It duo koe letter op de jûn oanhâlden wurde yn in wenning yn Harns. It restaurant moat noch oanjefte dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)