Bedriging mei beitel yn kafee

14 jun 2014 - 11:14

De plysje hat yn de nacht fan freed op sneon in 31-jierrige ynwenner fan Drachten oanhâlden op fertinking fan bedriging. De man wie dy nachts út in kafee set om't er him ferfelend gedroech. De man kaam lykwols werom mei in beitel dêr't er minsken mei bedrige.

Plysjes kamen de man tsjin op de Tine Talmastrjitte en koenen him dêr oanhâlde. De beitel is yn beslach naam. De fertochte is foar ûndersyk ynsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)