Marit Bouwmeester: gjin revâns

Marit Bouwmeester is weromfallen op it Europeesk kampioenskip silen yn de Laser Radial klasse yn Split yn Kroäsië. Bouwmeester einige yn 'e sechsde race pas as tweintichste. Sy is no fyfde yn it algemien klassemint, mar de efterstân op de Kroätyske nûmer twa Tina Mihelic is inkeld seis punten. De Dútse Svenja Weger liket al hast bûten berik.
Roelof Bouwmeester, de broer fan Marit, stiet by de manlju yn de Laser op it alfde plak.
Op sneon waard der net mear syld omdat de wyn 'op' wie. Sadwaande gjin revâns foar de beide Wartensters.