Jubileum Fryske sjauffeursklup

Sjauffeursferiening CVF yn Fryslân fiert sneon it 30-jierrich bestean. De feriening is mei 350 leden ien fan de grutsten fan Nederlân. Yn en by de Scantrihal oan de Orionwei yn Ljouwert binne foar it jubileum behindichheidswedstriden. Fierders ride in hûnderttal sjauffeurs yn konfoai troch de stêd.
De CVF jout ek al jierren foarljochtingsslessen op basisskoallen yn it hiele lân. Bern krije les oer de deade hoeke by frachtweinen. Dêrfoar kriget de feriening sneon in ûnderskieding fan it Europeesk sjauffeursfakbakbûn UICR.