Drok mei meitsjen WK-flagge

14 jun 2014 - 10:19

It flaggefabryk yn Dokkum hat it drok mei it meitsjen fan spesjale WK -flaggen. Der binne yn de ôfrûne moannen al in protte fan besteld en ferkocht. Foarôfgeand oan de earste wedstriid binne der fan 'e wike in pear tûzen bymakke en ek dy reitsje al útferkocht.

Nei de 5-1 winst fan Oranje op Spanje ferwachtet it bedriuw de kommende wike ek in goede hannel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)