Jild stellen fan âldere man

14 jun 2014 - 10:14

De plysje hat freedtemiddei in 31-jierrige ynwenner fan Ljouwert oanhâlden op fertinking fan it stellen fan jild. De Ljouwerter soe earder dy middei jild stellen hawwe út de beurs fan in âldere man.

It slachtoffer die oanjefte. De fertochte koe oanhâlden wurde om't er bylden op befeiligingskamera's stienen. Doe't plysje oer de Súdkade ried, seagen se de man rinnen. Tsjin de fertochte is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
stellerij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)