Fries fiert feest yn Spanje

14 jun 2014 - 09:27
  • Oranje fiert feest yn Spanje (Hofstede yn it swart op de eftergrûn)

Net allinnich in protte spanning yn Nederlân freedtejûn, ek yn it oare lân dat spylje moast: Spanje! Kameraman Dirk Hofstede fan Omrop Fryslân is yn Spanje foar in kursus en seach de wedstryd dêrom yn it lân fan de tsjinstanner. "Yn de earste helte fan de wedstryd koene de Spanjaarden noch laitsje, mar dêr kaam al gau feroaring yn doe't it Nederlânske team doelpunten skoarde."

Spanje waard sneontemoarn wekker mei in flinke kater nei de 5-1 ferlies, fertelt Hofstede. 'De krantekoppen sprekke hjir boekdielen oer de wedstryd. Se skriuwe dat it Nederlânske alvetal Spanje fernedere hat. In blamaazje foar Spanje, in ramp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)