FrieslandCampina wreidet út

13 jun 2014 - 15:19
  • FrieslandCampina

Suvelkonsern FrieslandCampina wreidet har fabryk yn Nuenen yn Noard-Brabân út. It giet om in útwreiding fan mei-inoar 1500 kante meter. Njonken mear romte foar opslach, is der ek romte reservearre foar in ekstra produksjeline. Hjirtroch kin it konsern produkten mei in langere hâldberensdatum meitsje.

Dizze produkten kinne dan eksportearre wurde nei lannen bûten Nederlân en België.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)