T-diel siket fytsfrijwilligers

13 jun 2014 - 14:08
  • Taksy

Frijwilligers yn Tytsjerksteradiel moatte learlingen fan it spesjaal ûnderwiis helpe om selstannich nei harren skoalle te reizgjen. Der wurde troch de gemeente Tytsjerksteradiel frijwilligers socht om mei mear as 170 bern op te fytsen of mei te reizgjen yn it iepen ferfier nei skoalle.

Dizze bern reizgje no noch mei in taksybuske nei it spesjaal ûnderwiis. De gemeente wol dat de bern leare om selsstannich te reizgjen. Dat is better foar de yntegraasje én goedkeaper.

Der binne tolve bern dy't no selsstannich reizgje yn plak fan mei in taksybuske. Dat leveret de gemeente fuortendaliks al in besparring op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)