Blog: Lêste kilometers foar Torchrun

De Torchrun makket har lêste kilometers troch de provinsje. Om healwei twaen hinne wie Hero Hoekstra yn Snits mei de flam. Jûn om kertier foar achten wurde de Special Olympics Nationale Spelen 2014 offisjeel iepene mei it oanstekken fan de 'Flame of Hope'. Dit is live te sjen by Omrop Fryslân op ynternet.
De Spelen iepenje mei in spektakulaire liveshow mei optredens fan Danny de Munk, Ellen ten Damme, Lange Frans en Syb van der Ploeg. Oan de Spelen dogge 2000 G-sporters mei. Hero Hoekstra hat der al in hiele reis opsitten mei de flam en waard by syn tocht troch in soad minsken oanmoedige.