Doarp huldiget 100-jierrige

13 jun 2014 - 12:17

Freerk Idzenga fan Easterbierrum is freed hûndert jier wurden en is op in spesjale wize yn't sintsje set. Idzenga is hikke en tein yn Easterbierrum en hat syn hiele libben yn it doarp wenne. Hy hat in soad foar it doarp betsjutten, bygelyks as eigener fan de meubelwinkel.

De famylje hie in earepoarte yn de tún set. It hiele doarp rûn út om Idzenga te lokwinskjen en de skoalbern brochten him in aubade. Der waard in soad leven makke. Foar Idzenga wie dat gjin probleem, want syn gehoar begjint wat minder te wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)