Hûnekop anneks mei 'Jorwert'

13 jun 2014 - 11:49

Hûnekop hat de soundtrack makke foar it iepenloftspul Maraton fan Jorwert. It nûmer hat de namme 'Hurdrinners (binne dearinners)' meikrigen. It stik giet oer garaazjehâlder Gerard dy't hieltyd mear problemen krijt om de saak draaiende te hâlden. Syn Poalske wurknimmer hellet syn kollega's en Gerard oer om in maraton te rinnen en sa jild op te heljen foar de garaazje.

Regisseur Tjerk Kooistra woe graach in soundtrack fan de Hûnekop, omdat dizze band 'de stim fan de gewoane, hurdwurkjende man fertsintwurdiget'.

It iepenloftspul fan Jorwert spilet fan 23 augustus oant en mei 20 septimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)