Reparaasjes oan brêge Aldskou

De brêge by Aldskou © Omrop Fryslân, Joline Dalstra
Rykswettersteat set freed útein mei reparaasjes oan de brêge by Aldskou. Yn april fear in tanker tsjin de brêge oan. Dêrtroch ûntstie skea oan de fundearring en wie betsjinning fan de brêge net mear mooglik. De kommende twa wiken wurdt der in tiidlik remmingswurk ynstalleard, sadat de brêge wer iepen kin.
Nei it farseizoen wurdt it definitive remmingswurk oanbrocht. Dan reparearret Rykswettersteat ek de fundearring. Skippen heger as goed sân meter moatte dizze simmer wol omfarre, fia Akkrum.