Blog: Brazilië trapet ôf: it WK is los!

13 jun 2014 - 01:26
  • Brazilianen bliid mei earste oerwinning
  • De flagge fan België
  • Master Control Room
  • Master Control Room

Brazilië trapet ôf: it WK is los!

It WK fuotbal is no echt begûn. De iepeningswedstriid tusken Brazilië en Kroäsië is krekt ôfrûn. It thúslân hat mei 3-1 wûn en foar Brazilië koe it WK net better begjinne. Se hiene der wol wat help by nedich fan de skiedsrjochter (Brazilië krige in ûnterjochte penalty), mar dêr sil net ien wat om jaan hjir. Utsein de Kroätyske kollega’s yn it IBC. Sy sitte nêst ús en der waard hiel wat ôfflokt troch de mannen…

Hjoed is it de beurt oan Oranje. In werhelling fan de WK-finale fan fjouwer jier lyn tsjin Spanje. Wat in wedstriid om it toernoai mei te begjinnen foar it alvetal fan Louis van Gaal! Op de Braziliaanske tillevyzje komme de bylden fan dy finale fan 2010 in protte foarby. Hiele dokumintêres hawwe se der oer makke. Kening Willem-Alexander (doe noch prins) tegearre mei Maxima op de tribune yn Súd-Afrika, se krije der hjir gjin genôch fan. Bert van Marwijk, bûnskoach fan Oranje yn 2010, docht syn ferhaal en fansels ek Spanjert Andrés Iniesta, de makker fan de iennige goal yn de ferlinging. Bylden dy’t we yn Nederlân leaver net sjogge…

Yn it IBC binne we klear foar de earste wedstriid fan Nederlân. Krekt op tiid docht alles it sa’t it moat. Guon oare lannen hawwe oant de lêste minút dwaande west om alles foar elkoar te krijen. Hiele studio’s binne der opboud yn it parsesintrum! (dêroer letter mear). De Master Control Room, it senuwsintrum fan it IBC, is yndrukwekkend om te sjen (sjoch foto). Wat in organisaasje om alle sjoggers oer de hiele wrâld te betsjinjen fan bylden.

Wy diele yn it IBC in romte mei de kollega’s fan de Belgyske tillevyzje. Om’t we by de NOS de Belgen mei wat mear ynteresse folgje is dat tige handich. We kinne maklik bylden útwikselje en witte wat der spilet yn harren ‘kamp’. Sy binne der grutsk op dat België foar it earst sûnt 2002 wer meidocht oan it WK. De Belgyske flagge hinget dan ek bûten ús kantoar, wy hawwe der in Oranje slinger boppe hongen: “Oranje boppe!” Fan no ôf gjin geëamel mear oer it systeem, mar fuotbalje!

Jan Vincent van Zuiden
Twitter: @JVvanZuiden

Gean werom nei de haadside fan it blog.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)